"Pronkriden moat op de wrâlderfguodlist"

23 sep 2015 - 07:29
  • Ard Schenk en Simone Scheffer
  • Ard Schenk makket promoasje foar it pronkriden

Pronkriden moat op de wrâlderfguodlist. Dat fynt de Landelijke Vereniging van Schoonrijders en dat fynt ek Ard Schenk. Om dizze âlde reedrydsport te promoatsjen kaam Schenk tiisdei nei de Elfstedenhal yn Ljouwert. Dêr waard in clinic jûn troch de pronkriders fan It Hearrenfean.

De sport is net grut, en moat groeie om bestean te bliuwen. Ard Schenk, sels âld langebaanrider en ikoan op it mêd fan hurdriden is ambassadeur fan de pronkriderij. Hy joech juster útlis oan it publyk dat nei de hal kommen wie en die sels ek de pronkredens ûnder.

De clinic waard jûn yn it ramt fan de iepening fan de iishal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)