Promoasje op sekslibben mos

05 okt 2000 - 09:52

De Drachtster Marco van der Velde promovearret dizze moanne yn Grins op it sekslibben fan it hiermos. Dat libben is folle spannender as wol tocht wurdt.

It hiermos is by steat om it sperma oer gruttere ôfstân te fersprieden, ûntduts Van der Velde. Earder waard oannommen dat de reproduksje benammen aseksueel plakfynt. De biolooch kaam by syn ûndersyk ek twa nije mossoarten op it spoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)