Promoasje LSC fier fuort

01 jun 2014 - 16:10
  • Amateurfuotbal

De striid om promoasje nei de earste klasse is foar de fuotballers fan LSC 1890 út Snits hast kânsleas wurden troch it 5-1 ferlies snein tsjin Rolder Boys. Yn Rolde kamen de Sniters al nei 2 minuten op efterstân. Fiif minuten letter kaam de thúsploech al op 2-0. Op slach fan rêst wreide Rolder Boys de marzje út nei 3-0. Yn de twadde helte rûn de thúsploech fierder út nei 4-0. Theo Ydema mocht foar de Snitser earetreffer tekenje, wêrnei't de slotnoat foar de thúsploech wie.

Nije wike ûntfange de Snitsers de gasten út Rolde op eigen fjild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)