Promoasje KH2018 op Skiphol

16 jul 2014 - 09:56
  • KH 2018

De steatefraksje Friese Koers wol dat de provinsje mei in baly op fleanfjild Skiphol de Kulturele Haadstêd 2018 yn Ljouwert promoatsje sil. Neffens fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra komme in soad toeristen fia de lofthaven Nederlân binnen en is dit it bêste punt om har te wizen op de kulturele haadstêd en promoasje te meitsjen foar allerhanne Fryske eveneminten.

Neffens Hiemstra kin Fryslân sa yn it foar al profitearje fan toeristen dy't nei Ljouwert komme. Hiemstra wol dêrom dat de provinsje hjir jild foar beskikber stelt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)