Promoasje FVC nei earste klasse

06 maaie 2001 - 00:00

Fuotbalclub FVC út Ljouwert is nei twa jier werom yn 'e 1e klasse L. Snein wûnen de Ljouwerters yn in spannende wedstriid mei 1-4 fan Gronitas (Grins).

Yama Hashemi iepene foar FVC. Troch in tsjingoal wie it 1-1 by de rêst. De oare trije doelpunten (Patrick Veltman twakear en Waling Westra ienkear) kamen ta stân yn 'e 12 minuten blessueretiid. FVC wie nei de wedstriid út 'e skroeven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)