Promised Land ûnder de noarm

09 jun 2014 - 14:03
  • Ljouwert koe meigenietsje fan Promised Land

By de gemeente Ljouwert is yn de nacht fan snein op moandei in beheind tal klachten binnenkaam oer dancefeest Promised Land yn de Griene Stjer. Trochdat de wyn 'út in ûngelokkige hoeke' waaide, koe in grut part fan Ljouwert meigenietsje fan de houseklanken. Neffens in wurdfierder fan de gemeente hat de organisaasje fan it dûnsfeest him goed hâlden oan de maksimale lûdssterkte fan 75 desibel.

It dancefeest waard beide dagen bywenne troch in gemeente-amtner mei in lûdsmjitter. Promised Land bleau by alle mjittings binnen de lûdsnoarmen.

De gemeente hoegde net ien kear te hanthavenjen, seit de wurdfierder. De organisaasje hâlde de maksimale lûdssterkte sels goed yn de gaten. Nei tolve oere nachts gie it lûdsnivo noch wat fierder nei ûnderen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)