Promininte sjuery JM-priis

08 sep 2008 - 18:47

In sjuery besteande út skriuwer Rutger Kopland, heechleraar Goffe Jensma en politikus en skriuwster Marga Kool sille de winners kieze fan de Je Maintiendrai priis 2009.

It tema dit jier is 'Regionale identiteit' en de gedichten, ferhalen en essays hjiroer kinne noch oant 1 novimber ynstjoerd wurde. De haadpriis yn elke kategory is in bedrach fan 5000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)