Proloog ûnkent breuk mei AOB

08 jun 2011 - 16:45
  • Marc Kammeraad fan Proloog

Ynterim-direkteur Kammeraad fan de Ljouwerter ûnderwiisorganisaasje Proloog seit dat der gjin breuk is mei ûnderwiisfakbûn AOB. It bûn makke woansdei bekend út de ûnderhannelings stapt te wêzen. Se binne it net iens mei de besunigingsplannen fan Proloog. Neffens it AOB wol Proloog fierste hurd en gean se foarby oan ôfspraken yn de CAO. Proloog wol skoallen slute en sechstich minsken dien jaan. Oars soe it fallisemint driigje, sizze se.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)