ProjektX: mear plysje as feest

14 okt 2012 - 09:48

De oankundiging fan in projekt X feest yn Ljouwert hat sneontejûn foaral soarge foar in grutte ynset fan plysjeminsken. Op de diken nei Ljouwert wiene motorplysjes aktyf dy't alert wiene op ûngewoan ferkear rjochting Ljouwert.

Ek yn de stêd wie in soad plysje aktyf. Om it sintrum hinne stiene ME-buskes en der wie plysje op hynders oanwêzich. It gong de om plysje dy't as it nêdich wie gau as Mobiele Eenheid ynset wurde koe. Der wie op Twitter en de berjochtetsjinst WhatsApp in feest oankundige op it Saailân.

Dat feest kaam der úteinlik net. De jûns wie der wol in opfallende pyk yn it twitterferkear oer projekt X yn Ljouwert. De measte minsken fregen har foaral ôf wêrom der safolle plysje yn de stêd wie en dat der mear plysjeminsken as feestfierders wiene.

Op inkelde lytse ynsidinten nei bleau it kalm yn Ljouwert. De plysje hâldde wol trije minsken oan, omdat se harsels net identifisearje koene. Sy waarden meinommen nei it buro. In 17-jierrige jonge út Ljouwert hie in skjirre yn 'e bûse. Dy waard yn beslach nommen. In 21-jierrige Ljouwerter socht spul op it Ruterskertier en waard dêrom oanhâlden en út it sintrum ferwidere. Hy krijt in proses-ferbaal omdat er net nei de plysje harkje woe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)