Projektplan foar KH 2018

03 apr 2012 - 11:29

De stichting Kulturele Haadstêd hat foar 40 oant 78 miljoen euro oan plannen lizzen as Ljouwert ein 2013 yndied ta Kulturele Haadstêd 2018 útroppen wurdt. De provinsje soe 11 oant 17 miljoen euro foar syn rekken nimme moatte en de gemeente 5 oant 12 miljoen euro. It Ryk, SNN, bedriuwslibben, opbringst út kaartferkeap en fûnsen moatte de ynvestearrings kompleet meitsje.

De stichting Kulturele Haadstêd en de gemeente Ljouwert presintearren tiisdei it projektplan mei dêryn de plannen.

Yn 2013 komt der in grut festival yn de stêd én in grutte Fryske Olympiade, wêryn't tagelyk op ien lokaasje keatsen, skûtsjesilen en fierljeppen sintraal steane. De gemeenteried fan Ljouwert beslút ynkoarten oer de Kulturele Haadstêd. It CDA yn de gemeenteried fan Ljouwert is 'skeptysk' oer it jild dat de gemeente bydrage moat oan de Kulturele Haadstêd 2018.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)