Projekten stil fanwege tongblier

20 apr 2001 - 00:00

Yngenieursburo Oranjewoud op It Hearrenfean hat inkele projekten stillizze moatten fanwege de tongblier. It giet om projekten yn it gebiet om Eanjum en Ie hinne.

De meiwurkers kinne it gebiet net yn om bygelyks lânmjittings te dwaan en fytspaden oan te lizzen. Dy meiwurkers wurde op oare projekten ynset. Faaks moat der foar har wurktiidferkoarting komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)