Projekten ferheegjen wetterpeil

04 okt 2006 - 22:22

It Wetterskip moat nochris goed ûndersykje wat de gefolgen binne fan it ferheegjen fan it grûnwetterpeil yn feangebieten. Sa moatte de foar- en neidielen foar de lânbou oan it ljocht komme.

Boeren ferwachtsje dat se minder gau mei de trekker op it lân kinne. De provinsje wol no tegearre mei it Wetterskip projekten opsette wermei't ûnderfining opdien wurdt mei in heech simmerpeil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)