Projekt yn Heech wol jongerein wer oan it silen krije

30 mrt 2015 - 08:42

Yn Heech set moandei in projekt útein om de jongerein wer it wetter op te krijen. Stifting Bewegen op it Wetter en buertsportcoaches ha in twajierrich programma makke om bern wer oan it silen of bygelyks surfen te krijen. Nettsjinsteande de marren yn it súdwesten fan de provinsje dogge bern dêr kwalik oan wettersport. Dat moat oars, is de gedachte. Yn twa jier sil besocht wurde jongerein út wettersportdoarpen lykas Heech, Makkum en stêden as Warkum wer entûsjast te krijen.

Dat bart foarearst binnen yn in gymseal. Dêr stean boatsjes en simulatoaren dêr't droech yn oefene wurde kin. Yn de simmermoannen is it de bedoeling 'echt' it wetter op te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)