Projekt 'Werk aan de Wandel'

13 sep 2009 - 12:47

Yn fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân kin meikoarten meidien wurde oan it sportprojekt 'Werk aan de Wandel'. Doel fan dat projekt is dat minsken lichter wurde en in bettere kondysje krije. Om dat te berikken geane dielnimmers alle wiken te kuierjen ûnder lieding fan in trainer. Ek krije se regelmjittich advys oer iten.

It projekt rint in jier en wurdt útfierd troch Welzijn Dongeradeel. Omdat it foar Fryslân om in proef giet, betellet de provinsje deroan mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)