Projekt wenjen yn lytse doarpen

12 feb 2004 - 00:00

Foar it projekt 'wenjen yn lytse doarpen' stelt de provinsje 130.000 euro beskikber. Fjouwer doarpen dogge der mei: Tsjom, Aldwâld, Sigerswâld en Poppenwier. Der wurdt tocht oer de bou fan betelbere huzen foar jongeren en de ferbouwing fan leechsteande buorkerijen ta apparteminten foar âlderein.

De provinsje hopet op dizze wize ideeën op te dwaan foar de ûntjouwing fan oare lytse doarpen yn Fryslân. Om sa dy plakken leefber te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)