Projekt Waddenglas mislearre: ferlies fan dik 1,2 miljoen

26 aug 2015 - 07:30

In ferlies fan dik 1,2 miljoen euro en bunders net ûntwikkele bedriuweterrein. It Waddenglas projekt is mislearre. De gemeente Frjentsjerteradiel, de Dienst Landelijk Gebied en de provinsje hiene de ambysje om by Seisbierrum 200 bunder glêstúnbou te ûntwikkeljen. Mar de túnkers dy't dy kassen bouwe moasten binne der nea kaam.

It hiele projekt hat ien ûndernimmer berikt: Hartman. Mar dy siet ek al yn Seisbierrum. De trije partijen hâlde net hielendal op mei it projekt. Der is noch 50 bunder dêr't se graach kassen op ha wolle.

De hoop is dat Hartman noch fierder útwreidet en dat der mooglik noch nije ûndernimmers nei it gebiet komme.

Neffens wethâlder Caroline de Pee fan Frjentsjerteradiel binne der ferskate oarsaken foar it mislearjen fan it projekt. Der wie konkurrinsje fan Berltsum, de ekonomyske krisis en it projekt wie mooglik te ambisjeus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)