Projekt Uur-cultuur sukses

16 nov 2007 - 10:56

Al 40.000 bern hawwe dit skoaljier meidien oan it projekt Uur-cultuur. Dat heuchlike feit wurdt freed fierd op it Amelân. Dêr is ien fan de bern fan groep 7 en 8 fan de Kardinaal de Jongskoalle de 40.000ste.

De skoalbern wurde yn it sintsje set en krije in foarstelling fan Tryater te sjen. Tryater is ien fan de 20 teatergroepen dy't foarstellings foar Uur-cultuur makket. Uur-cultuur wol skoalbern nei it teater bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)