Projekt ûndernimmers en politisy

20 feb 2004 - 00:00

Fryske ûndernimmers sille har yn de mande mei politisy ynsette foar de Fryske ekonomy. Tongersdei is it projekt Ondernemende Staten út ein set.

Steateleden foarmje mei ûndernimmers pearen om mear begryp foar elkoars stânpunten te krijen. Sy sille geregeld mei-elkoar om 'e tafel om problemen te besprekken. De ûnderfining leart dat ûndernimmers en politisy net goed fan elkoar witte wat se dogge. It projekt mei 36 pearen duorret in jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)