Projekt tsjin húslik geweld

22 nov 2002 - 00:00

Plysje en helpferlieners sille oar jier yn it Noarden in nije oanpak tsjin húslik geweld ynfiere. Dat hat de plysje Fryslân freed bekendmakke.

Oanlieding fan de nije oanpak is it súkses fan in proefprojekt yn trije noardlike regio's. Ien dêrfan wie Noard-East Fryslân. Dêr kamen dit jier troch de nije oanpak fjirtich gefallen fan mishanneling yn húslike kring oan it ljocht. Neffens de plysje noch altiten mar it topke fan de iisberch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)