Projekt senioarefoarljochters

22 mrt 2003 - 00:00

16 saneamde senioarefoarljochters sille de âlderein yn Smellingerlân ynformearje oer saken as wolwêzen, wenjen en soarch. Te folle âlderen wite net wat foar soarte foarsjennings en regelingen der allegear foar har binne.

De stifting Welzijn Ouderen is dêrom út ein set mei in foarljochtingsprojekt. De foarljochters binne op kursus west en sille de kommende moannen 3400 âlderen freegje oft se help ha wolle. Pas dêrnei wurdt passend advys jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)