Projekt: ruften op 'e nij brûke

31 aug 2003 - 00:00

Trije gemeenten begjinne yn septimber in projekt mei brûkte ruften. Alden kinne it ôffal yn spesjale pûden dwaan dy't te krijen binne by deiferbliuwen en pjutteboartersplakken. De ruften wurde brûkt om op 'e nij grûnstoffen út te heljen.

As de ruften by gewoan ôffal sitte, komme by ferbrâning skealike stoffen frij. It is better foar it miljeu en it kostet neat. It rint yn Opsterlân, Hearrenfean en Eaststellingwerf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)