Projekt om learlingen te folgjen

07 apr 2004 - 00:00

Alle skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn Ljouwert sille mei in kompjûter learlingen yn de gaten hâlde om foar te kommen dat se sûnder diploma fan skoalle geane. Dat wurdt dien mei in saneamde soarchmonitor.

De soarchmonitor is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert en de skoallen. Begjin takom jier wurdt yn Ljouwert begûn mei in proef. Doel is dat alle skoallen yn Fryslân yn de takomst gebrûk meitsje kinne fan it systeem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)