Projekt moat greidefûgel rêde

17 jul 2012 - 16:59

Boeren, wittenskippers en keunstners moatte der mei-inoar foar soargje dat it wer goed giet mei de greidefûgel. Ferskate organisaasjes ha tiisdei op it provinsjehûs harren nije gearwurkingsprojekt 'Kening fan 'e Greide' lansearre. Dy kening is de skries dy't symboalysk sintraal stiet om't it de meast bedrige greidefûgel is.

Doel is om de stân fan de greidefûgel te ferbetterjen en op peil te hâlden. De ferskate partijen binne de gearwurking foarearst foar fiif jier oangien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)