Projekt: mear jeugd technyk yn

08 mrt 2013 - 07:53
  • Technyk

In spesjaal projekt moat der foar soargje om mear Fryske bern it technykûnderwiis yn te krijen. It is in inisjatyf fan gemeenten, provinsje, opliedingen en it bedriuwslibben. It tal learlingen dat kiest foar in technyske oplieding is de lêste fiif jier yn Fryslân bot nei ûnderen gien, en dat wylst der bot ferlet is fan technysk personiel. Der binne no al tsientûzenen fakatueres, dy't dreech yn te fullen binne.

It projekt is rjochte op it fuortset ûnderwiis. It doel is om foaral bekend te meitsjen wat technyk hjoed-de-dei ynhâldt en om de technykopliedingen yn Fryslân oerein te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)