Projekt Eeburg rint prima

16 nov 2009 - 16:55
  • it plan Eeburg is hast hielendal ferkocht

It giet goed mei de ferkeap fan nijbouwenten yn de nije Ljouwerter wyk Eeburg oan de Dokkumer Ie en de Bonke. Der binne al 150 huzen boud en ferkocht. Moandei is út ein set mei de lêste faze fan 72 wenten. Dêrfan is ek al mear as 60% ferkocht. De fraach is grut omdat de wenten oan it wetter en ticht by it sintrum fan Ljouwert lizze. It hiele projekt bestiet út 236 wenten.

De minne wenningmerk skynt dus gjin ynfloed te hawwen op dit projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)