Projekt A7-feilich útein set

09 des 2011 - 10:58

Yn Drachten begjint freed it projekt A7 Veilig. Yn dit projekt wurkje ûnder oare Rykswettersteat, plysje, KLPD, Iepenbier Ministearje en de provinsjes Fryslân en Grinslân oan de ferkearsfeiligens op de A7. It giet om de dyk tusken Ofslútdyk en Nijeskâns. It doel is om it tal ûngelokken op de A7 nei ûnderen te bringen. Dêrom hâldt de plysje faker snelheidskontrôles. Rykswettersteat pakt ûnfeilige stikken dyk oan. Automobilisten kinne yn enkêtes oanjaan wat se goed en net goed fine op de A7. Dêrfoar giet freed in spesjale website yn 'e loft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)