Projek Frysk Erfskip slacht oan

05 feb 2004 - 00:00

Foar dielname oan it bêd- en brochje- projekt Frysk Erfskip is aardich wat ynteresse. Eigners fan karakteristike gebouwen dy't in lytse útfanhûzers- akkommodaasje begjinne wolle, kinne har oanmelde foar it projekt.

Oan no ta hawwe har in 40 ynteresearren oanmeld. Der is plak foar 45 ûndernimmers. Dielnimmers kinne maksimaal 22.500 euro subsydzje krije foar it opstarten. It jild komt fan de provinsje en de Europeeske Uny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)