Programmaried: mear stjoerders

18 feb 2005 - 11:27

Kabelbedriuw UPC moat it tal stjoerders útwreidzje. Dat fynt de programmaried Fryslân. Yn de njoggen Fryske gemeenten dy't op it kabelnet fan UPC sitte, binne 29 stjoerders te sjen. Dat binne der te min, fynt de programmaried.

Yn oare gebieten dêr't UPC de kabel eksploiteart, binne 35 oant 41 stjoerders te sjen. De programmaried Fryslân wol dat Eurosport, it Turkse TRT en it keunstkanaal Arte taheakke wurde oan it kabelpakket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)