Programma Wâldrock rûn

28 jun 2006 - 09:24

De Nederlânske metalcore band "Born from Pain" is as lêste band taheakke oan it programma fan Wâldrock, dat takom sneon yn Burgum hâlden wurdt. Yn totaal trede op Wâldrock 15 bands op, ferdield oer in iepenloftpoadium en in poadium yn in tinte. Publykslûkers binne Mötorhead, Helloween en Soulfly.

As opwaarmer wurdt freedtejûn yn bar-dancing Quatrebras yn Noardburgum al in saneamde 'pre-party' hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)