Profylwurkstik oer Sintrale As

11 sep 2008 - 14:56
  • Sintrale As as ûnderwerp op Singelland

Fjirtjin Hafû- en VWO-learlingen fan it OSG Singelland yn Drachten meitsje harren profylwurkstik foar harren eineksamen oer de Sintrale As. Dat is de dyk fan Nijegea nei Dokkum. Sy dogge dat yn it ramt fan harren eineksamenfak ierdrykskunde. De learlingen dogge ûndersyk nei ferskate tema´s fan it projekt, lykas toerisme, histoaryske kenmerken en reistiden.

In foldwaande op it profylwurkstik is in betingst om eksamen dwaan te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)