Profylskets T'diel klear

06 jul 2010 - 22:39
  • Der moat in opfolger foar boargemaster Polderman komme

Tytsjerksteradiel siket in nije boargemaster. Tiisdeitejûn hat de gemeenteried de profylskets oanbean oan Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma. It opstellen fan sa'n skets is in saak fan de ried, mar yn Tytsjerksteradiel mochten de bewenners ek meiprate fia in enkête op ynternet.

De útkomsten dêrfan binne meinommen yn de profylskets. De minsken wolle in bears mei in ekstra fin. In ferbiner en in boechbyld dy't besluten doart te nimmen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)