Profylskets boargemaster Harns

22 mrt 2006 - 15:59

De VVD-gemeentefraksje fan Harns is it net iens mei de profylskets foar de nije boargemaster. Dochs hat de ried de profylskets tiisdei oannaam. De nije earste boarger moat affiniteit mei de polityk ha en ek ferstân fan havens. Fierder moat hy of sy goed oer krityk kinne om't de Harnzers koart foar de kop wêze kinne.

Oer in pear wike komt de advertinsje yn de krante. De opfolger fan Arlman kin noch foar de simmer beneamd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)