Profyl swimwetterlokaasjes

24 nov 2009 - 14:55

Wetterskip Fryslân stelt profilen foar it swimwetter op foar de 31 swimwetterlokaasjes yn syn behearsgebiet. Yn dy rapporten stiet oft de kwaliteit fan it swimwetter goed genôch is om feilich swimme te kinnen. It profyl seit ek wat oer de kâns op problemen, sa as blau-alch en wat dêr previntyf oan dien wurde kin.

De feilichheid fan it swimwetter op dy lokaasjes moat dêrmei yn de takomst ferbetterje, sa seit it Wetterskip. De earste acht profilen binne klear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)