Profronde wol NK fjildriden nei Surhústerfean helje

04 feb 2015 - 06:44
  • Gosse van der Meer

It Wielerkomitee fan de Profronde fan Surhústerfean is mei it hurdfytsersbûn yn petear om it NK fjildriden nei 2016 nei Surhústerfean te heljen. De petearen binne yn in 'orïïntearjende' faze, sa seit bestjoerslid Andries Nieuwenhuis.

Earder waard al bekend dat de Profronde dit jier in wike earder holden wurdt as oars. Trochdat it kritearium fan Stiphout net trochgiet, kaam de tiisdei twa dagen nei de Tour de France frij. Neffens foarsitter Albert Helfrich wurdt it no makliker om topfytsers nei Surhústerfean te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)