Profronde mei Andy Schleck

03 aug 2010 - 12:34
  • De profronde ferline jier (foto: Omrop Fryslân)

Surhústerfean is klear foar de 29e profronde. Op De Kolk stean stekken om it publyk yn goede banen lieden. De Profronde is in ynternasjonaal hurdfytskritearium mei grutte nammen út de Tour de France. Der dogge alve Tourdielnimmers mei, mei as kopstik Andy Schleck.

De start is tiisdeitemiddei om healwei twaen mei de froulju. De profs ride jûns om 7 oere. De organisaasje ferwachtet 30.000 taskôgers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)