'Profitearje fan Wrâlderfguod'

02 jun 2013 - 16:23

De Waadferiening sil ûndernimmers helpe om te profitearjen fan de status wrâlderfguod. Undernimmers sjogge wol foardiel yn de status, sa docht bliken út in enkête. Mar it is dreech om soks as ôfsûnderlik bedriuw foarinoar te krijen. Se kinne no help krije fan fiif gidsen fan de Waadferiening. Se helpe mei om by aktiviteiten yn it Waadgebiet in ferbining te lizzen mei de aparte status fan it gebiet.

As minsken jild fertsjinje oan it Waad, helpt dat de beskerming fan it gebiet, sa tinkt de Waadferiening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)