Professor wol nij Waadeilân

03 okt 2006 - 13:47

In nij Waadeilân moat it mooglik meitsje mear minsken nei it Noarden te heljen. Dat is ien fan de ideeën yn in boek fan de Grinzer professor De Roo. It boek is moandei oanbean oan it ynnovaasjeplatfoarm fan minister-presidint Balkenende.

De Roo fynt dat it Noarden net langer besykje moat op de Rânestêd te lykjen. De trije provinsjes moatte harren krekt rjochtsje op dingen dy't de Rânestêd net hat en dat is romte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)