Profesjonalisearring fan VVV

07 feb 2002 - 00:00

VVV Iselmargebiet wol in selsstannige kommersjele ynstelling wurde. Dat moat binnen trije jier realisearre wurde. Op dit stuit krije de VVV-kantoaren jild fan gemeente en provinsje.

Yn de takomst moatte gemeente en bedriuwen betelje foar de tsjinsten dy't de VVV leveret. Ek is de VVV tenei sels ferantwurdlik foar promoasje yn de eigen regio. No docht it NNBT dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)