Profdebút Lieuwe Westra

11 feb 2009 - 21:36
  • Profdebút Lieuwe Westra

Lieuwe Westra hat woansdei in goed debút makke yn it profpeloton. De hurdfytser fan Mûnein einige yn de earste etappe fan de Ronde fan de Middellânske See as 15e. Letter waard der ek noch in ploegetiidrit riden. Westra helle mei syn nije Vacansoleil ploech in kreas sânde plak, 51 tellen achter de winnende Spaanske Pro Tour ploech fan Caisse d'Epargne.

Yn it algemien klassemint stiet Lieuwe Westra op it 36ste plak op 51 tellen fan lieder Luis Sanchez.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)