Proefstudearje op hegeskoallen

04 apr 2002 - 00:00

Op de hegeskoallen yn Ljouwert koe tongersdei proefstudearre wurde. Sa'n 1200 learlingen fan Havo en VWO rûnen in dei mei by de kolleezjes. De belangstelling wie dit jier sawat like grut as ferline jier.

De skoalbern komme benammen fan bûten Fryslân. De dei wurdt ek oangrypt om út te finen hoe't it mei it stappen en keamersykjen yn Ljouwert stiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)