'Proefrit' oer de Ofslútdyk

18 mrt 2012 - 14:19

De plysje fan Alkmaar hat sneon in man út Opmeer oanhâlden op fertinking fan it stellen fan in auto. De man hie sneon by garaazje Synyco yn Frjentsjer in auto meinommen foar in proefritsje.

Eigner Tuinstra fan 'e garaazje fertroude it net, omdat de man it rydbewiis fan in frou achterlitten hie. Hy belle de plysje. Omdat it rydbewiis fan in frou út Alkmaar wie, waard ek de plysje fan Noard-Hollân warskôge. Dy hâlde de man oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)