Proefrit einiget mei botsing

03 jan 2013 - 18:46

By in ferkearsûngelok yn Surhústerfean is tongersdeitemoarn in 65-jierrige man út Boelensloane ferwûne rekke. It ûngelok fûn plak op de krusing Blauhústerwei mei de Boelenswei. It slachtoffer kaam yn botsing mei in 24-jierrige automobilist út Wâlterswâld. Dy man makke in proefrit, mar rekke fierder net ferwûne. Beide auto's binne fuortsleept.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)