Proefpersoanen kursus nedich

04 okt 2007 - 09:48

De Afûk siket 100 proefpersoanen dy't in nije Fryske kursus teste wolle. It giet om in kursus Frysk skriuwen dy't fia ynternet folge wurde kin. Dielnimmers moatte noch net of noch net hielendal goed Frysk skriuwe kinne.

De Afûk begjint mei de nije kursus op it ynternet omdat it liket dat hieltyd mear minsken Frysk skriuwe wolle. Emails en sms'kes wurde ek hieltyd faker yn it Frysk skreaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)