Proefkampearje Peinder Mieden

17 jul 2013 - 14:35
  • Projektlieder Henny Bruynzeel fan De Nieuwe Marke

Bewenners fan de noch te bouwen wenwyk De Peinder Mieden kinne yn augustus proefkampearje. Sa kinne de bewenners de omkriten kennen leare. It tydlike kampearterrein komt oan de Hegewei. Der wurdt in terrein fan 50 by 50 meter meand en der wurde tydlike toiletfoarsjennings delset. Proefkampearders moatte sels in tinte of karavan meinimme. Yn it natuergebiet oan de râne fan De Pein yn Smellingerlân komme 45 enerzjysunige wenningen. De bewenners sille de huzen sels ûntwikkelje en beheare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)