Proefgasboarrings yn Waadsee

23 feb 2011 - 12:46

Vermillion wol krekt bûten de kust by Harns nei gas boarje. Op 4,5 kilometer fan de stêd soe ûnder de Waadsee mooglik gas sitte dat mei winst nei boppen te heljen is.

It giet foarearst om in proefboarring dy't útfierd wurdt fan de bedriuwslokaasje fan Vermillion ôf. It is foar it earst dat op sa'n koarte ôfstân fan de kust nei gas boarre wurde sil. Yn 2009 makke Vermillion bekend nei de mooglikheden fan gasboarring yn it Waad te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)