Proefboarring gas by Wommels

10 sep 2008 - 17:18
  • It betrouwen yn Vermilion is beheind...

Der wurdt yn Fryslân dochs fierder socht nei gas. Alhoewol´t oaljemaatskippij Vermilion de gaswinning by Frjentsjer stopset hat fanwege in ûnferwachts flugge grûndelgong, begjint itselde Vermilion mei in proefboarring yn Littenseradiel. De gemeente jout tastimming, omwenners binne skrokken.

De proefboarring is oan de Krabbedyk tusken Waaksens en Wommels. De gemeente Littenseradiel sil de omwenners noch neier ynformearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)