Proef yn Drachten mei ophingsysteem plestik sekken

27 jan 2015 - 08:42

Fjouwer wiken yn Drachten dogge mei oan in proef foar it ynsammeljen fan plestik ôffal. Op de lantearnepeallen yn de wiken Drachtsterfeart, it Himsterhout, Morra en Maartenswouden komme ringen te hingjen dêr't bewenners de sekken mei plestik ôffal efterlitte kinne. It ôffal wurdt op fêste tiden ophelle.

De ringen moatte der foar soargje dat de ôffalsekken net fuortwaaie of stikken skuorre. As de proef in sukses is, dan wurde de ringen ek op oare plakken yn Drachten ophongen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)