Proef túchbestriding Ljouwert

07 apr 2004 - 00:00

De gemeente Ljouwert hâldt fan juny dit jier oant juny takom jier in proef mei nije metoades fan ûnkrûdbestriding. Yn it tal buerten sil it túch tsjingien wurde mei hyt wetter, yn in oar diel fan de stêd wurdt boarstels brûkt.

Nei de proef besjocht de gemeente hokker metoade it measte effekt hat en it goedkeapst is. Om in goed byld te krijen fan de resultaten sil de gemeente foar it begjin fan de proef earst alle túch fuorthelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)