Proef Schuiteman yn Düsseldorf

10 jan 2005 - 16:10

Ferdigener Bernhard Schuiteman (31) fan Cambuur is op proef by Fortuna Düsseldorf. Dat is in klub yn de twadde Bundesliga fan Dútslân. Dizze wike wurdt har nije stadion yn gebrûk nommen. Schuiteman bliuwt oant woansdei by de klub. Hy hat noch in kontrakt fan in healjier by Cambuur. Earder spile Schuiteman by Bayer Leverkusen, Mainz, Feijenoord en Utrecht.

De Dútse spits Marco Topmüller is wer nei hûs. Hy wie op proef by Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)