Proef OV-coach-app is sukses

25 jun 2014 - 16:55
  • OV coach, app

De proef mei in applikaasje foar learlingen dy't mei it iepenbier ferfier nei it spesjaal ûnderwiis gean yn Tytsjerksteradiel is in grut súkses. In jier lang binne tolve bern net mear mei it taksybuske nei skoalle gien, mar selsstannich mei de bus of trein. De OV-Coach-App wurket hiel simpel en jout antwurden op in soad fragen.

De bern krije der in iPod by en dat sjocht der út as in iPhone, sadat se ûnopfallend help en begelieding ynskeakelje kinne op it stasjon of by de bushalte.

Fanwege it súkses start de gemeente nei de simmerfakânsje op 'e nij mei in groep fan alve bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)